Projekt foar wurkleazen Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

27 okt 2015 - 14:19

Minsken dy't dreech oan it wurk komme kinne, krije stipe fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Dy hawwe in projekt opset wêrby't dizze minsken it âlde beurtskip 'Dorp Grouw' restaurearje kinne. Der is plak foar 30 oant 50 meiwurkers. De restauraasje duorret sa'n trije jier. Doel is dat troch dit wurk minsken in oare baan fine of better witte wat se wol en net kinne of wolle.

It wurkprojekt wurdt ek stipe troch lokale bedriuwen út de gemeenten. It beurtskip leit op de werf fan Wadro yn Droegeham.

It is yn 2011 kocht troch de stichting 'Dorp Grouw'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)