Skilderijen op transport

07 apr 2012 - 13:56

It Fries Museum hat fan 'e wike de twadde partij keunstwurken dy't útstald wurde by de iepening op transport set foar restauraasje. Mei de earste lichting binne se te sjen by de iepening fan it nije Fries Museum op it Saailân yn Ljouwert, takom jier septimber.

De iepeningsútstalling giet oer Fryske rykdom yn de Gouden Ieu. In grut tal topstikken moatte dêrom yngreven restaurearre wurde. Al mei al wurde njoggentjin topstikken fan it Fries Museum restaurearre. No wurde fiif skilderijen en in 17e ieusk keunstkabinet nei Maastricht brocht.

Trefwurden: 
Fries Museum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)