Spilers SC Hearrenfean lûke har neat oan fan bestjoerskrisis

27 okt 2015 - 13:35

De spilers fan SC Hearrenfean lûke harren neat oan fan de bestjoerlike perikels. Dit sizze oanfierder Joey van den Berg en Henk Veerman. Tiisdeitemoarn op de training waard der neffens de spilers net mear praten oer it opstappen fan de folsleine Hearrenfeandireksje. Foarsitter Jelko van der Wiel makke moandei yn it spilershome bekend dat hy opstapt.

Neffens Veermaan kaam dat wol oan. "Jelko lag goed bij de spelers, maar om eerlijk te zijn weet ik niet eens waar de hele discussie over gaat."

Van den Berg seit dat de bestjoerlike rûzjes gjin ynfloed ha op de ploech: "Je zag dit aankomen, maar verder maakt het ons niks uit. Of ja, als je vader in het bestuur zit, heeft het misschien nog invloed, maar dat is niet zo."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)