Partijen Harns wolle betelle parkeartiid ynkoartsje

27 okt 2015 - 10:27

PvdA, Harnzer Belang en CDA wolle it betelle parkearjen yn Harns ynkoartsje. Tenei soene besikers fan de stêd oant fiif oere middeis foar in parkearkaartsjes betelje moatte. No is dat noch seis oere middeis. Woansdeitejûn fergaderet de gemeenteried oer it parkearjen yn Harns. 

Benammen it langparkearjen moat oanpakt wurde. De gemeente wol de regels dêrfoar ienfâldiger meitsje. Sa ferdwynt it ferskaat oan parkearsônes yn de binnenstêd, dêr wurdt ien sône fan makke.

Trefwurden: 
parkearje Harns gemeenteried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)