Automobilist sjit troch fangrail by wurksumheden op de A7

27 okt 2015 - 06:12

In automobilist is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de A7 by Terwispel troch de fangrail sketten. It gie om in tydlike ôfsetting, dy't delset wie fanwege wurksumheden oan de dyk. De fangrail rekke oer de lingte fan in kilometer skansearre.

De A7 hat nei it ûngelok foar in part ôfsletten west om de brokstikken op te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)