Man yn auto rydt fytsplysjes oan

26 okt 2015 - 21:22

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn Ljouwert in man út de stêd oanhâlden omdat er krekt dêrfoar mei de auto twa plysjes op de fyts oanriden hie. Dy hiene him op de Nieuweweg kontrolearje wollen, mar doe ried er tsjin de fytsen oan en naaide er út.

De plysjes koene de man op de Gysbert Japicxstrjitte oan de kant sette en mei nei it buro nimme. Se dogge oanjefte tsjin de Ljouwerter. De plysje freget tsjûgen fan it foarfal oft se harren melde wolle.

Trefwurden: 
oanriden fytsplysjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)