CDA wol opheldering oer útstel ekstra sneltrein nei Grins

26 okt 2015 - 20:42

It CDA wol opheldering oer de ekstra rappe trein Ljouwert-Grins. Dy trein komt der no earst pas yn de twadde helte fan 2019, en dat is in jier letter as de bedoeling wie. It CDA wol graach dat de ekstra treinen earder komme. Dêr hawwe se no fragen oer steld, sawol yn de gemeenteried fan Ljouwert, as yn Provinsjale Steaten.

De politisy fan it CDA wolle graach op de hichte hâlden wurde fan nije ûntwikkelings. Neffens harren is de rappe trein tusken Ljouwert en Grins fan grut belang foar de ûntsluting fan de beide stêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)