Epke Zonderland mist WK-finale rekstôk

26 okt 2015 - 20:33

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer sil syn wrâldtitel op de rekstôk net ferdigenje op de WK turnjen yn Glasgow. By de kwalifikaasjes skoarde er net mear as 14,300 punten, en dat wie lang net genôch foar in finaleplak. Yn oanrin nei it WK hie Epke bot lêst fan blessueres. Troch in harsenskodding koe er ferskate wiken net traine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)