Drone mei kamera ynset by ynspeksje kwelder by Koehoal

26 okt 2015 - 18:35

Drones mei kamera wurde ynset om te registrearjen oft de kwelder by Koehoal groeit troch in spesjaal slykprojekt. Ut de haven fan Harns wurdt slyk helle dat oerbrocht wurde nei in geul foar de kust. De haven bliuwt dan op djipte en de kwelder groeit. Dêrmei wurdt de kust feiliger en is de natuer holpen.

Fanwege de fûgels is it ûnbemanne helikopterke earst op proef de loft yn gien. Bliken die dat drones gjin min effekt hawwe op fûgels en dêrom kin it no los. Fan 't winter is de earste echte dronesynspeksje op de pôlen by Koehoal.

Trefwurden: 
drone kwelder kamera Koehoal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)