Folsleine bestjoer SC Hearrenfean stapt no ek op

26 okt 2015 - 17:26

It folsleine bestjoer fan SC Hearrenfean hâldt dermei op. Dat skriuwt de klup yn in ferklearring op de webside. De ûnderlinge gearwurking ferrûn hieltyd dreger. Mear as ien kear is besocht it bestjoer op ien line te krijen, mar dat is net slagge.

Trochdat foarsitter Jelko van der Wiel der moandeimoarn al mei ophold, is it foar de oare leden fan it deistich bestjoer ek mooglik wurden om dermei op te hâlden. It stichtingsbestjoer sil no in formateur beneame. Yn gearwurking mei de ûndernimmingsrie soarget dy foar in nij bestjoer.

Hoe grut oft it nije bestjoer wurdt, moatte se noch oer oerlizze. Sagau't der in nij bestjoer is, stelle de leden fan it stichtingsbestjoer harren sit ek ta beskikking oan de klup. Sa wolle de bestjoerders derfoar soargje dat der in ein komt oan de bestjoersperikelen.

Der moat leard wurde fan de flaters dy't makke binne. Dat seit vice-foarsitter René de Wilde fan it stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean , yn reaksje op de situaasje. De Wilde is ferrome dat der no wer boud wurde kin oan de takomst. De formateur fan it nije bestjoer moat foldwaande neutraal wêze en ynsjoch hawwe yn de situaasje by SC Hearrenfean, seit De Wilde

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)