"Reek fan houtkachels kin skealik wêze"

26 okt 2015 - 14:39

Reek dy't út houtkachels komt, kin skealik wêze foar de sûnens. Dat is de konklúzje fan ûndersyk fan de trije noardelike GGD's en de Universiteit Utrecht.

It ûndersyk is dien by tsien húshâldens, dy't klachten hawwe oer de reek fan houtkachels fan de buorlju. By acht fan de tsien húshâldens sit safolle fynstof yn 'e loft dat it skealik is foar de sûnens. De reek jout yrritaasje oan eagen, noas en kiel. De GGD jout minsken dy't in houtkachel hawwe de tip om de kachel net as iennichste ferwaarming te brûken en net te stoken as it wynstil is.

Fierders moat it hout ien of twa jier droege wêze.

Trefwurden: 
houtkachels GGD ûndersyk reek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)