De Fryske Marren hat primeur mei help foar huzebesitters

26 okt 2015 - 13:05

In primeur foar De Fryske Marren. De gemeente is de earste yn Nederlân dy't huzebesitters mei in skuld op in nije manier helpt. Earder krigen minsken pas help as se út need harren hûs ferkochten. By de njie oanpak ha se rjocht op help, noch foar't se har hûs fearkeapje.

In partner fan de gemeente keapet it hûs op, wernei't de âlde eigener it wer hiere kin. As de skulden nei fjouwer jier fuort binne, kin de âld-eigener it hûs wer werom keapje. Sa wol de gemeente foarkomme dat ynwenners op strjitte belânje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)