Untsnapte minderjierrige jonge pakt foar joyriding

26 okt 2015 - 10:27

In 16-jierrige jonge is moandeitemoarn betiid troch in plysjehûn opspoard nei in achterfolging troch De Gordyk en Jobbegea. Plysjeminsken seagen de jonge mei hege snelheid troch De Gordyk riden en setten de achterfolging yn. De fertochte ried ûnder oaren oer in fytspaad by de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Nei in skoft is de plysje de auto kwytrekke, mar letter troffen se de wein swier skansearre oan op de Slusleane yn Jobbegea.

In speurhûn hat dêrnei de fertochte opspoard op in boartersfjild yn de buert. De jonge is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Ut ûndersyk hat bliken dien dat er nei syn ferlof net weromkaam is by in soarchynstelling yn Grins. De auto dêr't er yn ried, wie stellen by in garaazjebedriuw yn de stêd.

Trefwurden: 
joyriding De Gordyk Jobbegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)