Deade by botsing Appelskea

07 apr 2012 - 08:23

By in frontale botsing op de dyk tusken Appelskea en Hoogersmilde is sneontemoarn om seis oere hinne in 51-jierrige man út Grins om it libben kaam. It slachtoffer kaam út de rjochting Emmen en ried nei Drachten. By Appelskea helle er in frachtwein yn. Op dat momint kaam in auto fan de oare kant.

It slachtoffer botste earst tsjin de frachtwein oan en kaam dwers op de dyk te stean en waard fol rekke troch de auto fan de oare kant. De bestjoerder fan dy auto, in 55-jierrige Drachtster, is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
botsing frontaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)