Brânwacht komt yn aksje foar sliepkeamerbrân yn Bûtenpost

26 okt 2015 - 08:15

De brânwacht fan Bûtenpost is moandeitemoarn yn aksje kaam foar in wenningbrân oan de Foarstrjitte. Yn it hûs die bliken dat der in matras yn de brân stie. De brânwacht hat it baarnende matras út de wenning helle en bûten blust.

Der is nimmen ferwûne rekke.

Trefwurden: 
brân Bûtenpost
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)