Ofsluting troch ûngelokken op A32

25 okt 2015 - 19:20

De A32 yn de rjochting fan It Hearrenfean hat sneintejûn by Grou ôfsletten west, fanwege in ûngelok. Yn earste ynstânsje wie der in auto mei maleur by de ôfslach nei Snits, hast ûnder it fiadukt. Plysjeminsken kamen nei de auto ta om it ferkear deromhinne te regeljen.

In dronken automobilist is dêr yn botsing mei ien fan de plysje-auto's kaam. De auto is dêrby oer de plysje-auto hinne flein, sa seit ien fan de plysjes dy't by it ûngelok stie. De automobilist, in 40-jierrige Ljouwerter, is syn rydbewiis kwytrekke.

De dyk gie tsjin healwei njoggenen wer iepen.

Trefwurden: 
ûngelok A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)