Lykspul Cambuur tsjin Veendam

07 apr 2012 - 00:12

Cambuur hat freed tsjin leechfleaner Veendam twa punten ferspile. De wedstriid op De Lange Leegte einige yn 1-1. De Ljouwerters begongen slop en Veendam strafte dat mei in goal fan Opoku yn de 16e minút ôf.

Yn de twadde helte kaam der wol mear druk fan Cambuur, mar dochs liken de Ljouwerters op ferlies ôf te gean. Pas yn de 93e minút makke Melvin de Leeuw, op oanjaan fan Martijn Barto de lykmakker. Barto hie earder al de latte rekke mei in kopbal. Cambuur bliuwt fyfde, mei 50 punten út 30 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)