Itensmerk yn Ljouwert nei foarbyld Markthal Rotterdam

25 okt 2015 - 16:46

In nij soart itensmerk is dit wykein yn Ljouwert fan start gien. Yn winkelsintrum Saailân is kant en klear iten en itenswaar út de direkte omkriten en fan wat fierder fuort te krijen. De itenshal is in lanlike trend, mei de nije Markthal yn Rotterdam as grutte foarbyld.

It Ljouwerter inisjatyf is folle lytser as de Markthal Rotterdam. It hat de namme Foodhallen Ljouwert meikrige. De inisjatyfnimmers binne hiel tefreden oer it publyk dat derop ôf komt. Foarearst is de merk ien kear yn de moanne. Dêrnei moat it alle dagen heve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)