Anty-bûnt-aksje yn sintrum fan Ljouwert

25 okt 2015 - 16:25

De lanlike stichting Stop Dierenleed Nederland hat sneintemiddei yn Ljouwert aksje fierd tsjin bûnt yn klean. Se stiene mei in kreamke yn it sintrum. Frijwilligers mingden harren tusken it winkeljend publyk om hantekenings op te heljen tsjin it hâlden foar bisten foar klean mei bûnt. Om minsken oer te heljen dat te dwaan, waarden foto's ynset fan bisten yn koaien. Dat wurke, want se hellen aardich wat hantekenings op.

De groep wol mei de strjitaksjes minsken dy't noch nea oer it ûnderwerp neitocht hawwe, nei it diereleed konfrontearje.

De anty-bûnt-aksjegroep hellet oer it generaal by sokke strjitkampanjes achthûndert hantekenings op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)