Stifting foar teaterfreonen

06 apr 2012 - 19:18

De Koornbeurs yn Frjentsjer wol besikers mear by it teater belûke troch it oprjochtsjen fan de Stifting Vrienden fan de Koornbeurs. Sa'n stifting kin soargje foar mear ynkomsten.

Hoewol't De Koornbeurs net mear mei grutte ferliezen draait, komme der al nije bedrigings op it lytse teater ôf. Sa is ûndúdlik wat de iepening fan in nij teater yn Snits foar gefolch hat foar de besyksifers fan it teater yn Frjentsjer. Ek oan sponsoring kin noch mear dien wurde. Ynkoarten praat de ried fan Frjentsjerteradiel oer de prestaasjes fan it teater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)