Keningspear nei suvelsintrum FrieslandCampina yn Peking

25 okt 2015 - 14:30

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe yn Peking in besite brocht oan in suvelsintrum dat mei opset is troch FrieslandCampina. It sintrum moat de kwaliteit fan suvelprodukten yn Sina ferbetterje. In soad Sinezen fertrouwe de eigen suvel net nei in skandaal mei molkepoeier foar lytse poppen. Se keapje rûnom yn oare lannen molkepoeier op.

FrieslandCampina docht it goed op de Sineeske merk. Yn it Dairy Development Centre beseach it keningspear de stâlen. It keningspear is op steatsbesite yn Sina. Snein wie de earste dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)