Proeflessen kuierfuotbal en oare sporten foar 55-plussers

25 okt 2015 - 15:29

Sportstimulearring Dantumadiel 'Goed bezig' hâldt twa byienkomsten foar minsken fan 55 jier en âlder út de gemeente. No tiisdei en oare wike tiisdei kinne sy yn Sanjessportpark yn De Westereen fergees meidwaan oan ferskate sportlessen. It giet om kuierfuotbal, tennis, kuierkuorbal en follybal. Minsken mei bygelyks reuma en artrose kinne ek meidwaan.

Alle materialen dy't brûkt wurde by de ferskate sporten, binne lichter yn gewicht.

Trefwurden: 
kuierfuotbal kuierkuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)