Buertgenoaten jouwe foarljochting oer enerzjysunich wenhûs

25 okt 2015 - 12:44

De gemeenten Hearrenfean en Skylge dogge dit jier mei oan de Nationale Duurzame Huizen Route. Minsken dy't harren hûs enerzjysunich meitsje wolle, kinne sjen by wenten yn de buert en de bewenners freegje nei harren ûnderfinings mei it duorsum meitsjen fan de wente. Dat kin gean fan spou-muorre-isolaasje en waarmtepompen oant sinnepanielen en biomassa.

De Nationale Duurzame Huizen Route is op 7 en 14 novimber.

Trefwurden: 
hûs Skylge Hearrenfean enerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)