Follybalsters Snits ferlieze no fan Sliedrecht Sport

24 okt 2015 - 22:14

De follybalsters fan Snits ha de twadde wedstriid yn de earedivyzje ferlern. Sliedrecht Sport wûn yn eigen hûs mei 3-2. De setstannen: 25-23, 25-20, 23-25, 15-25 en 15-8. Fjirtijin dagen lyn spile Snits ek tsjin Sliedrecht Sport. Yn dy wedstriid om de Supercup koe Snits in efterstân fan 2-0 yn sets noch goedmeitsje. Dat slagge no krekt net. Takom woansdei spylje de Snitser froulju yn België de earste Europeeske wedstriid yn de CEV-cup tsjin VDK Gent.

Trefwurden: 
follybal Snits froulju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)