Ludike aksje Cambuursupporters by Abe Lenstra Stadion

24 okt 2015 - 21:53

Cambuursupporters ha sneontejûn in rollator pleatst by it Abe Lenstra Stadion. Op de rollator leit in briefke mei de tekst: "Voor Foppe. Tot volgende week!!!" Oan de rollator hinget in Cambuur-faantsje. It is in kadootsje foar Foppe de Haan, de 72-jierrige trainer, dy't dizze wike wer oan 'e slach gong by de Feansters. SC Hearrenfean en SC Cambuur spylje takom wike snein de Fryske derby yn it Abe Lenstra Stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)