ONS bekeret fierder nei romme winst op VCR

24 okt 2015 - 16:25

Topklasser ONS wûn sneon de earste knock-out-omloop fan de amateurbeker mei 9-0 fan VCR út Rinsumageast. Ale de Boer tekene nei in minút spyljen foar de 1-0, nei't er in strafskop krigen hie. Treffers fan Chris de Wagt en Ale de Boer soargen foar de 4-0 rêststân.

Yn de twadde helte wie it ferset by VCR brutsen en koe de ploech fan trainer Richard Karrenbelt ienfâldich útrinne nei 8-0. Harvey de Boer soarge foar de Snitser slotnoat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)