Klappen en bedrigings nei oankomst busreiske yn Kollum

24 okt 2015 - 16:13

Tweintich jongeren hawwe freedtenacht yn Kollum in bus mei oare jongeren bedrige. De groep yn de bus kaam werom fan in reiske nei Walibi, doe't se op de Kerkstraat opwachte waarden. De jongeren hiene it foarsjoen op in jonge út De Westereen dy't yn de bus siet.

Doe't de Westereender útstapte, waard er oanflein en krige er klappen. De plysje moast mei meardere auto's nei it plak komme, mar de dieders wiene doe al útnaaid. De jonge út De Westereen hat oanjefte dien fan mishanneling en fernieling fan syn jas en telefoan.

Oanlieding foar de rûzje wie spul tusken de beide groepen, ferline wike. De plysje wit wa't de dieders binne en giet der de kommende dagen del.

Trefwurden: 
bedriging Kollum klap bus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)