Mear belangstelling foar klassike auto's

24 okt 2015 - 14:51

Yn it WTC Expo is dit wykein foar it earst in spesjale beurs yn Noard-Nederlân foar âlde auto's. De measte auto's dêr binne fan foar 1950, mar der binne ek âldere en nijere oldtimers. Mei 280 dielnimmende auto's is der in soad te sjen foar besikers. De prizen lizze tusken de 5000 en de 150.000 euro de auto. De organisaasje fan de autobeurs ferwachtet fiiftûzen besikers.

Takom jier komt der wer in klassikerbeurs yn Ljouwert. De organisaasje wol de beurs grutter fan opset meitsje. Oer fiif jier hoopje se achthûndert auto's te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)