Alde 'beamstam-wetterlieding' fûn yn tún Hilaard

24 okt 2015 - 12:25

Yn in achtertún yn Hilaard is in bysûndere beamstam fûn. Dy is brûkt as ûndergrûnske wetterlieding foar in put. De put yn de achtertún fan Rintsje en Dieuwke Zijlstra sit fjouwer meter djip yn 'e grûn en kin út de 13e ieu komme. Saakkundigen tinke dat de wetterlieding begjin 19e ieu oanlein is.

De Zijlstra's binne de tún opnij oan it ynrjochtsjen. Der komt ûnder oare nije bestrjitting. De âlde wetterlieding en de put litte se sitte.

Trefwurden: 
beamstam wetterlieding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)