69 km te hurd op Lauwersseewei, rydbewiis ynnaam

24 okt 2015 - 11:16

In 19-jierrige begjinnende autobestjoerder út Hantumhuzen is freedetejûn syn rydbewiis kwytrekke om't er 69 kilometer yn 'e oere te hurd ried. Hy ried 169 kilometer yn 'e oere op in 100-kilometer-dyk.

De plysje sette de jongeman oan 'e kant op 'e Lauwersseewei by de ôfslach Burdaard. Dêr waard proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)