Flechtlingen Frjentsjer nei needopfang op fiif plakken

23 okt 2015 - 21:31

De 165 flechtlingen yn de krisisopfang yn sporthal De Trije yn Frjentsjer wurde sneon opsplitst yn fiif groepen. Se ferhúzje dan nei ferskate needopfanglokaasjes yn it lân. Dêr kinne se nei alle gedachten dan wol op syn minst in moanne of langer bliuwe. Dat hawwe se freedtejûn let te hearren krigen fan boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel.

Sneon rint de krisisopfang yn Frjentsjer offisjeel ôf. Trochgean wie net mooglik, omdat de sporthal moandei wer brûkt wurde moat troch de skoallen.

It nijs oer de nije bestimming fan de flechtlingen liet freed oeren op him wachtsje. De gemeente hie it nijs al earder ferwachte, mar it bleau stil fan de kant fan it COA.

De krekte plakken dêr't de flechtlingen hinnegean, wurde ek sneon oerdei pas bekend. Fan 2 oere middeis ôf wurde se mei bussen nei de nije bestimmingen brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)