Jeugdsoas foar jongerein yn MFA Dronryp

24 okt 2015 - 11:05

Jongeren yn Dronryp hawwe in eigen jeugdsoas krigen yn it nije multyfunksjonele sintrum. Dêr kinne se films sjen of in dûnsjûn hâlde. De akkommodaasje is sneon offisjeel iepene. Neffens de foarsitter fan de stifting 'd' âld skoalle' hie de jongerein oant no ta gjin plak yn it doarp.

De eardere legere skoalle d' âld skoalle is yn fjouwer moanne tiid omboud ta in akkommodaasje dêr't in soad ferienings en klups telâne kinne. De biblioteek dy't al yn it gebou siet, is ek modernisearre.

It plein om de akkommodaasje hinne is folslein opknapt. Der is bygelyks in jeu-de-boules-baan oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)