Nije ljochtynstallaasje foar fuotbalklup Akkrum

23 okt 2015 - 20:51

Fuotbalferiening Akkrum hat in nije ljochtynstallaasje foar it B-fjild. Dat wie bot nedich, om't de âlde ljochtynstallaasje net goed mear wurke. Neffens foarsitter Hans Langedijk levere dit in soad risiko's op yn kombinaasje mei it minne fjild. Dêrtroch soenen in soad blessueres ûntstean.

VV Akkrum koe de grutte operaasje betelje troch in gift fan 10.000 euro fan de Rabobank. Langedijk hopet mei de nije ljochten de gemeente ek noch oertsjûgje te kinnen fan in nij keunstgersfjild. Dat soe de sitewaasje hielendal ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)