Sportklups komme op 'e nij yn ferset tsjin tariven Ljouwert

23 okt 2015 - 20:06

Sportklups yn it noardlike part fan de eardere gemeente Boarnsterhim komme op 'e nij yn ferset tsjin de nije sporttariven fan de gemeente Ljouwert. No't doarpen lykas Grou, Jirnsum, Reduzum en Wergea by Ljouwert hearre, wol de gemeente de tariven lyk lûke. En yn de eagen fan de ferienings pakt dat foar harren net earlik út.

Sy hawwe sels klaai- en waskromten en alle kosten dy't dêrby hearre wylst de klups yn de stêd dat net hawwe. En dat waard net goed meinaam yn de berekkenings fan de gemeente, sizze se.

Neidat de klups hjiroer by de gemeente ynsprutsen hienen, wie de hoop dat der in better foarstel komme soe fanút it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dat is net slagge, sa fine de klups en dêrom komme sy wer yn ferset tsjin de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)