The Friesian aktyf yn Irak

06 apr 2012 - 16:41

Advysburo The Friesian út Ljouwert set mooglik in melkfeebedriuw op yn Irak. Op dit stuit ûndersiket it buro oft it gebiet fan in opdrachtjouwer by Bagdad dêr geskikt foar is. Dêrby wurdt sjoen nei de kwaliteit fan 'e boaiem, de beskikberens fan wetter, oft der goed feefoer is en oft de merk geskikt is. The Friesian sjocht grutte kânsen yn Irak.

It lân hie eartiids in goeie lânbousektor, mar troch de oarloggen is de merk ynsakke. As The Friesian it melkfeebedriuw ûntwikkelje sil, dan betsjut dat ek kânsen foar oare bedriuwen.

Direkteur Siebren van der Zwaag fan The Friesian sjocht mooglikheden foar bedriuwen op it mêd fan fee, sperma en stâlynrjochtings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)