Manon Kamminga giet foar wrâldbekerwedstriden

23 okt 2015 - 19:23

Manon Kamminga fan It Hearrenfean set dit seizoen yn op de wrâldbekerwedstriden yn it reedriden. Dat hat de rydster fan Team Stressless freed bekendmakke op de ploege-presintaasje op De Lemmer. Kamminga is ek suksesfol inline-skater. Yn novimber stiet yn dy sport it WK op de aginda. Mar as it oan Kamminga leit, lit se dat toernoai sjitte foar it reedriden.

Oer goed in wike binne de seleksjewedstriden foar de wrâldbeker. Kamminga tinkt dat har kânsen it grutste binne op de 1500 meter en de massastart.

De Friezinne makke dizze simmer de oerstap nei Team Stressless, dêr't ûnder oaren ek Jan Blokhuijsen, Bart Swings en Brittany Bowe ûnder kontrakt steane. De coach fan Kamminga, Desly Hill, is ek meigong nei de nije ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)