Buizen ûnder A6 troch foar feilige oerstek foar otters

23 okt 2015 - 17:29

Rykswettersteat set yn it wykein fan sneon 31 oktober útein mei de bou fan twa faunapassaazjes ûnder de A6 by de Tsjûkemar troch. Dy binne foaral bedoeld foar otters dy't wol gauris besykje de dyk oer te stekken. Dat rûn sa faak ferkeard ôf dat der in rjochtsaak fan kaam om it Ryk safier te krijen dat sy dit en oare grutte knyppunten oplosse.

Der is al in begjin makke mei de ôffreding om de bisten nei de ûndertrochgongen te lieden. Op dat plak kinne se troch in buis ûnder de dyk troch.

It ferkear sil net in soad lêst hawwe fan de oanlis fan de buizen, sa is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)