UPDATE: Heechlearaar: frijlitting Udo D. doocht net

23 okt 2015 - 15:56

De omstriden frijlitting fan Udo D., de eks-tbs'er dy't moandei yn Ljouwert in 68-jierrige frou deasloech, is wûnderlik. Dat seit heechlearaar forensyske psychology Robbert-Jan Verkes oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen.

Neffens de heechlearaar doocht der wat net oan de frijlitting en ûntbrekt in part fan it ferhaal. De fertochte wie twongen opnaam yn in klinyk mei in saneamde rjochterlike machtiging, mar waard frijlitten nei't hy berop oantekene.

Neffens de heechlearaar kin in rjochterlike machtiging net samar oanfjochten wurde om't ien net behannele wurde wol. In machtiging kin allinnich opheft wurde as ien gjin gefaar mear is foar syn omjouwing. Dêrfan wie yn it gefal fan de Ljouwerter gjin sprake.

Boargemaster Ferd Crone ferwiist yn in reaksje nei it ûndersyk fan de ynspeksje. Wol hat er yn in brief oan de gemeenteried de gong fan saken nochris op in rychje set.

Sjoch hjir foar de brief fan Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)