Calvin Mac-Intosch yn basis by SC Cambuur

23 okt 2015 - 13:37

Calvin Mac-Intosch begjint snein yn de thúswedstriid fan Cambuur tsjin ADO Den Haag yn de basis. Hy is krekt op 'e tiid fit om de skorste Dammers te ferfangen. Martijn van der Laan stiet op linksback. Hy spilet foar Vytas dy't noch wol trije wike útskeakele is mei in hamstringblessuere. Monteiro en Narsingh binne lichte twivelgefallen, mar sy kinne nei alle gedachten wol spylje. Sa net, dan spylje Byrne en Rosheuvel foar har yn it plak. Cambuur sjocht yn ADO Den Haag in direkte konkurrint wêrfan wûn wurde moat.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)