Noch hieltyd ûndúdlikheid foar flechtlingen Frjentsjer

23 okt 2015 - 12:41

Der is noch hieltyd gjin dúdlikheid wêr't de flechtlingen, dy't no yn de krisisopfang yn Frjentsjer sitte, hinne moatte. De groep moat sneontemiddei foar fjouwer oere in oar plak ha. Dan is de maksimale tiid foar de krisisopfang berikt. De gemeente Frjentsjerteradiel hat wol te hearren krigen dat it dreech is om in nij ûnderkommen te finen foar dizze groep minsken.

Alle flechtlingen binne tongersdei foar identifikaasje nei Leusden en Amsterdam reizge. Elkenien is ek werom kaam nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
flechtlingen Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)