Jongeren Drachten út de tiid rekke troch tefolle drank

23 okt 2015 - 10:30

Meardere jongeren binne ôfrûne woansdei yn Drachten yn it sikehûs bedarre omdat se tefolle dronken hiene. Dat skriuwt de plysje Drachten op facebook. De groep soe nei de No School Party op de Kaden yn Drachten en hie foar dy tiid 'yndronken' foar it feest.

Se waarden op strjitte fûn troch foarbygongers en wiene net oansprekber. In pear jongeren is neffens de plysje ek oan har lot oerlitten troch har 'freonen'.

Der binne âlders út bêd belle om te melden dat har bern yn it sikehûs wie. De plysje seit dat it allegear folle slimmer ôfrinne kinnen hie as se net troch foarbygongers fûn wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)