Sjonger Jan Smit komt mei eigen alvestêdetocht

23 okt 2015 - 09:51

Sjonger Jan Smit komt mei syn eigen alvestêdetocht. Syn Alvestêdetour begjint yn septimber takom jier en sil alve grutte steden yn Nederlân oandwaan. De finish is fansels yn Ljouwert, yn it WTC. De Alvestedetour is de earste tour fan Jan Smit sûnt 2010.

It jier 2016 is in bysûnder jier foar de sjonger út Volendam. Hy sit dan offisjeel twintich jier yn it fak. Alle hits út dy perioade sille brocht wurde. It foarprogramma bestiet út de 3JS. Freed is de foarferkeap fan start gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)