Andere Tijden siket huldigingsbylden Atje Keulen-Deelstra

22 okt 2015 - 19:41

De fan oarsprong Fryske regisseur Rinske Bosch is foar in dokumintêre foar Andere Tijden Sport op syk nei amateurbylden fan reedrydster Atje Keulen-Deelstra. It giet benammen om bylden fan de huldigingen dy't Atsje yn har wenplak Jirnsum krige.

Atje Keulen-Deelstra wie ien fan de alderbêste reedrydsters dy't Nederlân hân hat. Yn de jierren santich helle se de iene medalje nei de oare, sawol op Europeeske, Wrâldkampioenskippen en op Olympyske toernoaien. Dat wie opmerklik om't se relatyf âld wie en ek nochris mem fan trije bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)