Diskoteek Club Red yn Ljouwert moat moanne ticht

22 okt 2015 - 16:31

Club Red yn Ljouwert moat fan freed ôf in moanne ticht. Dat hat boargemaster Crone fan Ljouwert besletten. Oanlieding binne ûngeregeldheden yn de nacht fan 25 op 26 septimber. Doe waarden de iepenbiere oarder en feilichheid fersteurd, sa seit de gemeente. Der ha de ôfrûne jierren meardere petearen west en der binne ek warskôgings jûn fanwege eardere ûngeregeldheden. Omdat it net holpen hat, nimt de gemeente no dizze maatregel.

Club Red sels seit dat de saak ferkocht is en dat der de kommende tiid ferboud wurdt. De nije eigners hoopje dat Club Red op 1 desimber wer iepen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)