Tunnel ûnder de N381 by Appelskea klear foar gebrûk

22 okt 2015 - 16:23

Kuierders, fytsers en ruters kinne sûnt tongersdei by Appelskea troch de kapweintunnel dy't dêr ûnder de N381 trochgiet. De N381 wie in lestich oerstekplak foar de minsken. Se kinne mei de nije tunnel no feilich fan Appelskea nei it Drints-Fryske Wâld komme en oarsom.

De tunnel is ek in stimulâns foar de hynsterekreaasje yn it gebiet. Hy jout mear mooglikheden foar tochten mei de kapwein of oare hynste- en weinkombinaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)