FIDEO: it lêste húskeamerkonsert fan Weima & van der Werf

23 okt 2015 - 19:35

De Wike fan de Fryske Top 100 sit der hast op en dus ek de rige húskeamerkonserten. It lêste konsert is fan Weima & van der Werf. Se giene by fans op 'e kofje yn ûnder oaren Himmelum, It Heidenskip en Makkum.

De Wike fan de Fryske Top 100 is de ôftraap fan de stimmerij foar de Fryske Top 100. Dy list wurdt tradisjoneel op âldjiersdei útstjoerd by Omrop Fryslân. Stimme kin fia frysketop100.nl en de omrop-app.

Sneon wurdt de muzykwike ôfsletten mei in rige strjitkonserten fan Gurbe Douwstra en de Doelleazen yn Sneon yn Fryslân. Presintator Wim Brons rydt troch de provinsje mei dizze Fryske artysten en lit se optrede yn Snits, op It Hearrenfean en yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)