Planetarium wreidet út en wurdt ynteraktiver

22 okt 2015 - 15:50

It Keninklike Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wreidet út. Mei help fan subsydzjes en in skinking fan de BankGiroloterij is it pand neist it planetarium der by kocht. De âlde bakkerswinkel is hielendal stript. Hjir komt de museumwinkel, kantoaren, hoareka en de nije yngang foar besikers. Dy geane aansens troch de gebouwen werom yn de tiid, oant se by it wenhûs fan Eisinga komme.

Op de earste ferdjipping komt in edukative tentoanstelling. Dêr kinne besikers animaasjes sjen en modellen betsjinje. Sa wurdt it Planetarium ynteraktyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)