Margot Boer hâldt nei dit seizoen op mei reedriden

22 okt 2015 - 15:13

Margot Boer út Goaiïngaryp set nei dit seizoen in punt achter har reedrydkarriêre. Dat meldt de sprintster fan Team Continu by de NOS. Boer wol dit jier noch ien kear alles út de kast helje foar in gouden medalje op in grut toernoai. Ferline jier twivele de reedrydster al oer har takomst, no is foar har dúdlik dat dit echt it lêste seizoen wurdt.

De sprintster hat yn it ferline twa brûnzen medaljes helle op de Olympyske Spelen, twa kear brûns wûn op it WK ôfstannen en einige in kear as tredde op de WK sprint.

Sjoch hjir foar it artikel fan de NOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)