Eardere ANBO-leden rjochtsje eigen ferienings op

22 okt 2015 - 13:53

De reboelje binnen it âldereinbûn ANBO soarget derfoar dat leden manmachtich opstappe. Ek yn Fryslân. No moandei komme tsientallen ANBO-ôfdielings by elkoar om te besjen hoe't se in nije feriening opsette moatte. Yn Ljouwert en Wolvegea is dat al it gefal. Ljouwert hat al 500 leden en Wolvegea al mear as 600.

Mei de lokale ôfdieling giet de ANBO werom nei de oarsprong. It is ek begûn mei selsstannige ôfdielings. De rûzje binnen de ANBO is ûntstien neidat de lanlike organisaasje der rekkens fan lokale ANBO-ôfdielingen blokkearje liet.

Dit om fraude foar te kommen, sa lieten se witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)