Man yn Frjentsjer hat hângranaat, mortier en drugs yn hûs

22 okt 2015 - 11:46

Yn Frjentsjer is woansdeitemiddei in 61-jierrige man út dat plak oanholden foar de hannel yn drugs. De plysje krige in melding fan oerlêst yn in hûs oan de Minne Hofstrastrjitte. Dêr waard drugs oantroffen, mar ek in mes, in hângranaat dy't net wurke en in mortier.

Ek fûn de plysje materialen dy't te krijen hawwe mei drugshannel. Al it guod is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)